De Kast op 'e Ingelske toer?

© Omrop Fryslân
De Kast tinkt der oer om ek nûmers yn it Ingelsk út te bringen. De nije Fryske Kast-single 'Moarn sil de sinne skine' hat ek al in Ingelske namme: 'Tomorrow the sun will shine'.
Syb van der Ploeg fertelde dit tongersdei by de presintaasje fan de nije cd 'Met andere ogen'. Dêr steane twa Fryske nûmers op. De Amerikaanske band Venice spilet en sjongt mei op de cd.