Reklamespot fan skerm om timpel

© Omrop Fryslân
De reklamespot fan garaazjehâlder Van der Meij fan Ferwert is nei protest fan de Stichting Beeldrecht net langer by Omrop Fryslân te sjen. Yn it spotsje sitte opnames fan Willemsma's timpeltsje sûnder dat dêr tastimming foar jûn wie.
De spot is oant no ta seis jûnen útstjoerd. De garaazjehâlder is fan doel om in nije spot meitsje te litten sûnder bylden fan Willemsma's timpeltsje.