Gedrach ferkeard, Frysk net

© Omrop Fryslân
B en W Dongeradiel nimme it advys oer fan de kommisje foar beswier- en beropsskriften oer de klacht fan frou Siezenga oangeande it brûken fan it Frysk troch wethâlder Oosterhof.
B en W sille har ekskús oanbiede oan frou Siezenga foar syn wize fan reagearjen, mar net foar it brûken fan it Frysk. Dongeradiel hat no in gedrachsline opsteld foar it Frysk.