FNP wol ekstra deputearre

10 jan 2001 - 10:34

De FNP wol in ekstra deputearre foar de gebietsrjochte oanpak fan it plattelânsbelied. Deputearre Steaten stelle sa'n oanpak út om op projektmjittige wize safolle mooglik gebrûk meitsje te kinnen fan Europeeske en Ryksjilden.

De FNP fynt dat in ekstra deputearre dit foar it Fryske plattelân wichtige inisjatyf it bêste útfiere kin. En net in sprieding oer 5 deputearren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)