Dokkum fangt AMA' s better op

09 jan 2001 - 10:33

Dokkum wol jonge allinnichsteande asylsikers, AMA's, better opfange. De gemeente Dongeradiel stelt 7500 gûne beskikber foar it sosjaal kultureel wurk De Tille om de asylsikers ûnder de 18 jier better te begelieden.

Neffens De Tille-direkteur falt de groep AMA's yn it asylsikerssintrum bûten de boat. Der komme neist soasaktiviteiten ek in itensiedersgroep en ynternetkafee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)