Ek minút stilte yn Fryslân

© Omrop Fryslân
In protte kafees en oare hoarekasaken yn Fryslân sille meidwaan oan de ien minút-stilte-aksje dy't kommende freed yn it hiele lân holden wurde sil.
Hoareka-ûndernimmers yn Volendam hawwe har kollega's yn de rest fan it lân oproppen in minút stil te stean by de slachtoffers fan de brân yn Volendam. Branche-organisaasje Horeca Nederland nimt de aksje lykwols net oer.