Skarsterlân moat wer ta de bûse

© Omrop Fryslân
De gemeente Skarsterlân sil op 'e nij ta de bûse moatte foar de oanskaf fan in nije brânwachtauto foar de brânwacht yn Langwar. Begjin foarich jier waard al in auto besteld en waard ek al in ton oanbetelle.
De firma dêr't de auto besteld wie, is fallyt gien. De gemeente krijt it jild dan ek net werom. Der moat no in nije auto kocht wurde foar 140.000 gûne.