Rûnlieding troch diskoteek

© Omrop Fryslân
Diskoteek The Dance Factory yn Berltsum hold sneontejûn foar syn besikers in spesjale rûnlieding troch de saak. Sa koene de diskogongers sjen hoe't it sit mei de brânfeiligens fan it gebou.
Om mooglike ûnrêst by besikers wei te nimmen, liet eigner Jetse Hoekstra sjen wat syn bedriuw docht om in ramp as yn Volendam foar te kommen. Op de rûnlieding kamen mar in 20 minsken ôf.