'Bestemmingsplannen ôfstofje'

07 jan 2001 - 14:42

Ynwenners fan de gemeente Wymbritseradiel moatte lang wachtsje as se in nij hûs bouwe wolle. Dat hat de ynspekteur fan romtlike oardening fêststeld. In tredde part fan 'e bestemmingsplannen is ferâldere en dêryn wurdt bepaald wêr't wol en net boud wurde mei.

Yn in protte gemeenten is dat it gefal. Flylân jout itselde byld. Oare gemeenten wurde ek noch tsjin it ljocht hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)