Fryske muzyk op festivals Grins

06 jan 2001 - 21:15

De stêd Grins stiet freed en sneon yn it teken fan de muzyk. Ut Fryslân wei fersoargje ûnder oare Twarres en Luie Hond in optreden op Noorderslag sneon.

Op Eurosonic, it poadium foar jong Europeesk talint, stean freed in tal bands mei Fryske ynbring lykas Planet Orange, Ygdrassil en de Krontjong Devils. Der is ek omtinken foar literatuer mei Friezen om utens Meindert Talma en Nyk de Vries.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)