Pier Sienema noch spoarleas
Fan Pier Sienema is noch hieltyd neat fernommen. Nei 19 desimber ferline jier is de Fryske ûndernimmer net mear sjoen. Hy wie doe op syn eigen kantoar yn Talinn yn Estlân.
De famylje Sienema besiket tips te krijen en looft fiiftûzen dollar (dat is 11.500 gûne) foar de goede ynformaasje út. De famylje fan de fermiste man hâldt rekken mei in misdriuw.