Ryksargyf is goed besocht
It Ryksargyf yn Ljouwert hat yn 2000 mear as santjin-en-in-healtûzen besikers oer de drompel hân. Dat is tûzen mear as it eardere topjier yn 1998. Benammen Simmer 2000-gasten besochten it Ryksargyf.
Sûnt koart is it mooglik fia ynternet it argyf te rieplachtsjen foar stambeamûndersyk. Ferline jier is de ynternetside fan it Ryksargyf 270.000 kear opsocht.