Minder jier fiskôfslach

© Omrop Fryslân
De fiskôfslach Lauwerseach hat gjin topjier efter de rêch. De omset gie mei fiif persint omleech. Dat kaam foaral troch de mindere oanfier fan granaten en de legere priis fan skol.
De fiskôfslach wol yn Noard-Denemarken in kantoar iepenje. Dêrtroch moat noch mear Deenske fiskers har fangst op Skiermûntseach oan lân bringe. No binne dy goed foar 31 persint fan de oanfier.