`Noordned moat fergoedings jaan'

05 jan 2001 - 12:53

De ANWB wol dat ek oare ferfierders as de NS in fergoeding jouwe by fertraging. Sa soe yn Fryslân spoarbedriuw Noordned reizgers yn 'e mjitte komme moatte.

De NS makke koartlyn bekend fan febrewaris ôf reizgers by fertraging in fergoeding te jaan. De ANWB fynt dat dêr ûnôfhinklik tafersjoch op komme moat. Noordned seit mei de provinsje ôfspraken te hawwen oer fertragings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)