It Bilt wol iisbanen ôfstean

05 jan 2001 - 12:05

De gemeente It Bilt wol de fiif gemeentlike iisbanen oerdwaan oan de iisklubs sels. De gemeente stelt ek foar om ûnder de iisbaan fan Sint Anne in skeelerbaan oan te lizzen. Simmers kin der dan ek gebrûk fan makke wurde.

It plan wurdt rûsd op likernôch twa ton. Wethâlder Hornstra moat noch mei de iisklubs yn petear, mar ferwachtet gjin swierrichheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)