Reumapasjinten moatte wachtsje

05 jan 2001 - 11:15

In tsiental Fryske reumapasjinten moat wachtsje op medisinen. Fan it middel Enbrel is net genôch foar hannen. In oar middel wurdt net fergoede troch it sikefûns. De sikehuzen kinne it net iens wurde mei de soarchfersekerers oer de fergoeding.

Yn Nederlân driigje 4000 pasjinten de behanneling mis te rinnen. De fersekerers fergoedzje dizze behanneling net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)