Utstel foar nije dyk Droegeham

05 jan 2001 - 09:14

Der moat in nije dyk komme fan Skûlenboarch nei Droegeham. Dat idee oppere de boargemaster fan Tytsjerksteradiel yn syn nijjiersrede. Op it terrein oan it PM-kanaal stiet in kalkstienfabryk dat meikoarten sluten wurdt.

De dyk soe it gebiet in bettere oansluting jaan op it haadwegennet yn 'e provinsje. Dêrmei wurdt it in gaadlik plak foar de fêstiging fan nije bedriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)