Oalje op dyk by Bûtenpost

© Omrop Fryslân
Twahûndert liter disel op 'e dyk tusken Bûtenpost en Blauferlaat soarge tongersdei foar swierrichheden foar it ferkear. De provinsje en brânwacht moasten de dyk by de Kollumer trekfeart skjinmeitsje.
Oer in lingte fan fjouwer kilometer hie in frachtwein de oalje ferlern. In lek yn de tank is de mooglike oarsaak. De glêde dyk hie trije oanridingen as gefolch. It ferkear waard omlaat.