Al euro's yn supermerken

© Omrop Fryslân
De supermerken yn Fryslân binne fan 'e wike begûn de prizen fan artikelen yn euro's oan te jaan. De bedraggen wurde dêrneist ek noch yn gûnen werjûn. De euro wurdt yn 2002 offisjeel brûkt, mar mar de brânzje wol klanten wenne litte.
Alle artikelen krije nije stickers. Dat freget in soad oanpassing. It omstickerjen bart yn fazes. Earst binne de produkten mei in heger BTW-taryf oan bar.