Iisbaan net mear te brûken
De iisbaan yn Drachten sil nei alle gedachten net wer brûkt wurde kinne. Gas út de boaiem fernielt de iisbaan, sa die de ôfrûne froastperioade bliken. De nije iisbaan leit der noch mar twa jier.
It betsjut in finansjele strop foar de de feriening, it ledetal rint werom en der komt ekstra wurk achterwei. Der wurdt no ûndersocht om hokker gas it giet en wat der oan dien wurde kin.