Meldij by skoalle yn?

© Omrop Fryslân
Smellingerlân wol muzykskoalle De Meldij miskien húsfeste yn de nijbou fan skoallen Liudger of Singellân. De gemeente sil dêr in helberensûndersyk oer hâlde.
De Meldij hat te min romte en wol it leafst de besteande lokaasje ferbouwe. De gemeente fielt mear foar húsfesting by in skoalle. As earste wurdt no in kombinaasje mei Singellân besjoen.