Gouden Liuw foar Gryt van Duinen

© Omrop Fryslân
Gryt van Duinen út Goutum hat moandei de earste 'Gouden Liuw' opspjelde krigen troch boargemaster Van Maaren fan Ljouwert. Van Duinen krige de spjeld fan fertsjinste as 'betinkster' fan de grutte millenniumreünie Simmer 2000.
Van Duinen krige de spjeld op de drok besochte nijjiersresepsje fan 'e gemeente. De gemeente wol tenei elts jier ien ynwenner in Gouden Liuw jaan.