Gearwurking gemeenten nedich

© Omrop Fryslân
Lytse gemeenten ûntkomme der yn 'e takomst net oan om gearwurking te sykjen mei elkoar. Dat seit boargemaster Bosma fan Lemsterlân.
It Ryk wol dat gemeentlik belied better ferantwurde wurdt. Der soe mear fêstlein wurde moatte en de kontrôle op it neilibjen fan it belied moat better. Foar lytse gemeenten is dat net helber. Dy moatte neitinke oer skaalfergrutting.