Fiskers yn swier waar

© Omrop Fryslân
De 25 Fryske beropsbinnenfiskers sjogge oer it generaal gjin mooglikheden om har ynkomsten te ferheegjen. Toeristyske aktiviteiten begjinne is dreech om't dat yn it drokke fiskseizoen moatte soe.
Natuerbehear fiele de fiskers wol foar. Ut lanlik ûndersyk blykt dat de mearderheid fan de binnenfiskers wol wat mei rekreaasje dwaan wol, fanwege de lege ynkomsten dy't hja no hawwe.