Dak ynstoart troch teiwaar
It dak fan De Schakel yn Drachten is foar in part ynstoart. Troch it teiwaar lei in protte wetter op it dak fan it evangelysk gebou. Mei it iis dat der ek noch lei, waard it te swier foar it noch net sa âlde dak.
De behearder ûntduts moandei de needsitewaasje. De brânwacht ferholp de saak op provisoaryske wize mei balken. De skea wurdt rûsd op 50.000 gûne.