Helikopter ynset by syktocht

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei mei in helikopter yn 'e omkriten fan It Hearrenfean nei in fermiste man socht. Marcel van den Broek (28) út Den Haag is wei sûnt nijjiersjiersmoarn. Syn kunde út Nijehaske rekke him ûnderweis fan it kafee nei hûs kwyt.
De syktocht hat neat opsmiten. Fan 'e loft út waarden wol in pear ôfwikende wekken yn it iis sjoen. In dûker hat dy ûndersocht, lykwols om 'e nocht.