Fryske help by ramp Volendam

© Omrop Fryslân
In helikopter fan de Ljouwerter fleanbasis en seis Fryske ambulânsetsjinsten ha sneintenacht sikeweinen en personiel beskikber steld foar de brân yn Volendam. De ambulânses binne ynset om te helpen by it slachtofferferfier nei sikehûzen.
Twa slachtoffers binne nei Fryslân ferfierd. Ien fan har is nei it MCL yn Ljouwert brocht en de oar is fia it Snitser sikehûs nei Grins oerbrocht.