Hallum wol in minyrotonde

© Omrop Fryslân
De Hallumer âldjiersploech 'De bjusterbaarlike klaaikluten' hat âldjiersnacht in klandestine 'minyrotonde' oanbrocht op de krusing by de Ljouwerterdyk.
Foar de stunt brûkten de klaaikluten in stoomwals en ferkearsbuorden, dy't se by de gemeente weihelle hiene. Hallum freget al in hiel skoft om in minyrotonde, omdat der in soad ûngelokken barre op de krusing fan Doniawei en Ljouwerterdyk.