Brân yn fabryk Drylts
Yn it fabryk Nooitgedagt yn it sintrum fan Drylts hat yn 'e âldjiersnacht brân west. De brânwacht hie it fjoer nei in oere ûnder kontrôle. It kompleks dêr't earder redens makke waarden, stie leech en soe restaurearre wurde.
De oarsaak fan de brân is net bekend. Mooglik is it troch fjoerwurk ûntstien. It is noch ûndúdlik oft de plannen foar de restauraasje trochgeane.