Dijkstra Marssumer fan 2000

01 jan 2001 - 17:34

Tjeerd Dijkstra fan Marssum is ûnderskieden as 'Marssumer fan it jier 2000'. Hy krige de titel fanwegen syn fertsjinsten foar de doarpsmienskip.

Dijkstra hat wurk dien yn de tsjerkeried en wie aktyf foar it jeugdwurk. Fierder wie er belutsen by de merke, de folleybalklub en krystfieringen. Boppedat is op syn inisjatyf in kommisje oprjochte om de tsjerke op te knappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)