Ald-Ljouwerter nei songfestival

© Omrop Fryslân
Der is dit jier dan wol gjin Frysk liet by it Nasjonale Songfestival, mar dochs docht in âld-Fries mei. Harold Verwoert waard 32 jier ferlyn yn Ljouwert berne. Tegearre mei Louisa foarmet er it duo Friday Night Fever. Op 3 maart sille se harren stim hearre litte yn Ahoy.
De Fryske ynstjoering fan Gina de Wit einige ferline jier op in fiifde plak. Twarres hat betanke foar it festival.