Tonny de Jong Nederlâns kampioen

© Omrop Fryslân
Tonny de Jong is foar de tredde kear yn har karriêre Nederlânsk kampioen allround wurden. De Friezinne pakte yn 1997 en 1998 dy titel ek al by it reedriden. Se wûn de fiif kilometer yn Thialf op It Hearrenfean mei 7:06:89.
Wieteke Cramer fan De Lemmer ried in persoanlik rekord op de 5000 meter. Se einige as fjirde yn it einklassemint achter Groenewold en De Loor.