Reuny fan Wiegels Wjukkelmasine

© Omrop Fryslân
Wiegels Wjukkelmasine, de bekendste Frysktalige band fan Fryslân foar it tiidrak fan De Kast en Twarres, soarge freed foar entûsjaste reaksjes by it reunykonsert yn Boalsert.
De populêre groep gong seis jier lyn út elkoar. De fans fan eartiids songen 'Aaipoprap' en 'Wachtsje yn de rein op dy' mei fjoer en faasje mei. De muzikanten en it publyk dûnsen omraak.