Neiheffing foarried reade disel

30 des 2000 - 14:59

Boeren út it Noarden binne poer op it Ministearje fan Finânsjes. It Ministearje wol dat de boeren ek de saneamde ekotaks betelje oer de reade disel dy't se yn jannewaris yn foarried hawwe.

De boeren hiene dêr gjin rekken mei hâlden. De lêste dagen hawwe de boeren sels ekstra disel ynslein. De neiheffing is in grutte klap. De NLTO wol takom wike prate mei it Ministearje oer dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)