Fryske diken ridlik te beriden

29 des 2000 - 13:22

De situaasje op 'e grutte diken yn Fryslân wie freedtemoarn ridlik. Op 'e measte diken wie de rjochter rydbaan goed te beriden, mar wie de ynhelbaan net altyd frij fan snie.

Rykswettersteat hie yn 'e nacht mei 22 auto's oan it struien en skowen west. Der binne in 15-tal ûngemakken bard mei allinnich materiële skea. Freed en sneon wurde op 'e nij sniebuien ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)