Trekkers massaal nei de pomp

28 des 2000 - 18:40

Oaljehannelers hawwe it op 't heden smoardrok. Op 1 jannewaris wurdt 'reade disel' 10,5 sint djoerder. Dêr komt nochris in heger BTW-taryf boppe-op. In protte boeren wolle op it lêste momint noch eefkes safolle mooglik ynslaan.

Skippers en fiskers brûke ek reade disel. Foar harren is der kompensaasje. It Ryk hat de oanfraach fan de boeren dêrfoar lykwols ôfwiisd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)