Oandielen Bylsma yn 'e ferkeap

28 des 2000 - 13:06

Werf Bylsma besiket foar freedtejûn 854 partisipaasjes fan 25.000 gûne te ferkeapjen. It giet om oandielen yn fjouwer nije skippen. Wa't in oandiel keapet, is mei-eigner fan in skip en dielt yn de opbringst fan de ferkeap.

Twa skippen binne al fersein. Wa't noch in oandiel ha wol, moat foar freed in hantekening sette. Yn de nije belestingwet binne soksoart konstruksjes ferbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)