Skylge krijt Nijjiersdûk
Skylge krijt syn eigen nijjiersdûk. Op 1 jannewaris kinne leafhawwers om ien oere it wetter yn by Midslân. De organisaasje riedt dielnimmers oan earst goed waarmte rinnen en net langer as fiif minuten yn it wetter te bliuwen.
De opbringst fan dit Skylger nijjiersbarren is foar de Stichting Kinderen Tsjernobyl-Terschelling.