Dúts kowefleis út de winkels

© Omrop Fryslân
Sneontemoarn betiid hawwe meiwurkers fan supermerken alle artikels dêr't kowefleis út Dútslân yn sit, út de skappen helle. Dat barde op gesach fan it ministearje fan folkssûnens. Produkten mei Dúts kowefleis binne in risiko yn ferbân mei BSE.
Sneon waard de hiele dei kontrolearre troch de Keuringstsjinst fan Waren om te sjen oft it risikofleis fuorthelle is.