Sterk iis útkomst foar Zandstra

23 des 2000 - 17:26

Foar de firma Zandstra op 'e Jouwer is it kâlde waar in útkomst. De opslachloads fan dizze fabrikant fan redens sit oan de nok ta fol.

Al trije jier lang binne der amper redens ferkocht, om't er gjin iis wie. Mar no't de fearten wer ticht lizze, giet it hurd mei de ferkeap. By Zandstra wurkje 17 minsken it hiele jier troch oan de produksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)