Zonderland wint koartebaan

© Omrop Fryslân
Johan Zonderland fan Tsjerkgaast hat freed de earste koartebaanwedstriid op natoeriis wûn. De rider út de Fryske seleksje wie yn 'e finale te fluch foar André Vreugdenhil út Monster.
Der kamen op De Ulesprong 30 riders oan de start. It publyk kaam manmachtich op de earste riderij op natueriis ôf. It publyk mocht net op it iis. Sneon is de twadde koartebaanriderij yn Nijelamer.