Profyl kandidaat Wymbrits

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Wymbritseradiel hat in profylskets foar in nije boargemaster opsteld. Der wurdt gjin útspraak dien oer de politike komôf fan in kandidaat, mar dy moat wol oanslute by de ferhâldings yn de gemeente.
Fan de nije boargemaster wurdt in aktive opstelling oangeande de Fryske taal en kultuer frege. De hjoeddeiske boargemaster Koopmans giet takom jier fuort.