Kolleksje Coopmanshûs bewarre

22 des 2000 - 18:05

De histoaryske kolleksje fan it Coopmanshûs yn Frjentsjer bliuwt bewarre. Ut in rapport fan it Instituut Collectie Nederland (ICN) docht bliken dat de kolleksje grut en weardefol genôch is om in museum mei yn te rjochtsjen.

It rapport jout ek oan dat de húsfesting fan it Coopmanshûs net geskikt is foar in museum. B en W komme noch mei in útstel foar in bettere húsfesting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)