Seis jier foar Ljouwerter
De rjochtbank hat tongersdei in 25jierrige Ljouwerter feroardield ta seis jier sel. Hy hie yn febrewaris in befeiligingsman mishannele. It slachtoffer hat in moanne yn koma lein.
De fertochte wie lilk op it slachtoffer, om't dy him bemuoid hie mei in ferkearsboete. Hy folge de man nei swimbad De Blauwe Golf, dêr't er him mei in knuppel slim mishannele.