Net folle hinder treinstaking
Treinreizgers yn Fryslân hawwe net folle lêst hân fan 'e staking by de Nederlânske Spoarwegen. De yntercities nei Zwolle foelen út, dêrhinne riden inkeld stoptreinen.
De ferbining nei Zwolle is de iennige NS-tsjinst yn Fryslân. Noordned fersoarget de oare treinferbinings. De treinen fan Ljouwert nei Grins, Harns en Starum riden wol gewoan.