Keamerfragen oer stúdzje Frysk

© Omrop Fryslân
De Keamerleden Van der Hoek (PvdA), Atsma (CDA) en Hoekema (D66) hawwe minister Hermans fan ûnderwiis fragen steld oer it mooglik ferdwinen fan de stúdzjerjochting Frysk yn Amsterdam.
De Keamerleden tinke dat dit yn striid is mei it Hânfêst foar Minderheidstalen. De Universiteit fan Amsterdam soe noch dit jier in beslút nimme, mar hat dat no útsteld oant 10 jannewaris 2001.