Omrop jout ATF-bylden net ôf

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân wegeret om it byldmateriaal fan 'e ATF-brân oan justysje te jaan. Neffens direkteur/haadredakteur Gaanderse is Omrop Fryslân ûnôfhinklik en gjin ferlingstik fan justysje.
Justysje wol de bylden graach hawwe foar it ûndersyk nei de oarsaak fan 'e brân. By de brân yn maaie kamen in soad gemyske stoffen frij. Boeren moasten har fee in skoftlang op stâl hâlde.