Baggerslyk by Harns smoarch?

21 des 2000 - 15:27

Der moat in ûndersyk komme nei it baggerslyk, opslein by de Haulerwei yn Harns. Omwenjenden wiene dêr woansdei yn 'e riedskommisje dúdlik oer. Se wolle witte oft it spul wol skjin is.

It slyk komt út 'e fiskerijhaven. De gemeente seit dat alles neffens de regels dien is. Wol is it nuver dat it slyk gewoan iepen oer it lân leit, joech wethâlder Jan Sijbenga ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)