'Drachtster stoart gefaarlik'

© Omrop Fryslân
De Fryske Miljeu Federaasje fynt dat de it eartiidse stoart by de Drachtster feart yn Drachten ferbean gebiet wurde moat. It stoart wie oant 1972 yn gebrûk.
Elkenien kin it plak sûnder problemen berikke. Neffens de FMF is dit net ferantwurde. Op it plak kinne giftige stoffen frijkomme. De FMF fynt dat de gemeente Smellingerlân der buorden mei 'tagong ferbean' delsette moat.