Grutte dieverij oplost

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan twa Ljouwerters hat de plysje in ein makke oan in rige autostellerijen en oplichtingssaken. De twa, 36 en 39 jier, soargen foar oardel miljoen skea.
De saak rekke oan it rôljen doe't ien fan harren besocht twa skilderijen te ferkeapjen oan in antikêr. Tsjin de oare man rûn al in ûndersyk. De twa sloegen it stellen guod op yn Tynaarlo.